[Frysk sprutsen wurd Logo]

Thús


keidwingerrupsbertehage

kei

Mei kei troch e tiid
Makke op klaai, sân en fean

De patroanen grut en lyts
Kompleks, dochs struktureard

It binnenstbûten strûpe
Nei de dea op e drûge

Rôljend en rikjend
sa at de see it docht

Wer it kin ûntlûke fan it wetter
Sa as drûchte dochs noflik wêze kin

Wer jo ‘e dea omearmje kinne
It smakket nei mear


dwinger

Dêr wurd as ien nei sjoen
mar dochs ek net

As skilen mei klauwen dêr ôflutsen wurde
Sykjend nei wat dêr binnen yn is

Blydskip yn it ferjitte fan ‘t ferlern wêze
Mar fine is sleauheid bûnzjend in ‘e ieren

As stiennen yn ‘e mage
Brún en yn steat fan ûnbining,

Mar net fuort
Nee, brûzjend fan wat komme kin,

In myn grun, In myn iere,
Ûnbewust mar al sa oanwêzich

Net fersmiten,
Net foar immen,

Foar oaren,
Foar immen


rups

It ûnder dwaan fan wat boppe stie
Oawachtsjend op ‘e twadde kâns

My de moanne yn ‘t fizier
Striede in ‘e leechte fan it iepen grien

Knibbel djip en krûpend
sa as ‘e neakene wierheid kin wêze

Foardat immen kin fleane,
moatte immen ferhurdzje

It freegje ny ferjeffenis foar hjoed,
dat moarn myn juster ferjitte mei

Fladderje mei wat er wie
Fierder


berte

Fan it ynseminearje in it tsjuster
Wêr it ljocht troch it ûngâns brekt

It ypen lân, de grun, ierde,
troch peallen heech

Riese in e loft, it liben
It ljocht my it ljocht ferbûn

Ûntbûn my it tsjuster troch it nâle koard
Wêr t troch tiid wêr ‘t tsjuster rekket

Noch tsjuster, noch ljocht
Wer ut tsjuster it ljocht kin fuortplantsje


hage

De hage
Heech
Lytsen beskut
Grutte eagen
Twastriid


[Frysk sprutsen wurd Logo]